Moai sûnder wergea binne de Wâlden(4):
Smûkskaedsjend(5) beämtegrien ôeral yn ’t roun,
Blierlaeitsend(6) boulân, tierige greiden,
Sjongende fûgels, sânnich de groun.
Maimoänne pronkseal’ binne de Wâlden:
’t Hôf klaeid(7) yn bloeiselwyt, geal(8) sjongt en slacht,
Kijkes(9) yn ’t miedlân(10) rinne to weidsjen,
’t Nôt(11) weacht(12) it fjild ôer, swiid is de pracht.
Nocht, oars sa nearne, jouwe de Wâlden:
Oerflôedich libbensswiet, soundheid en tier,
Foärjiers en simmers, hjersttiids en winters,
Fjildwille(13) ’n hûsfreugd throch ’t hele jier.
Fryske biwenners habbe de Wâlden:
Hja libje frôed en from, sljucht binn’ se ’n rjucht,
Eang fan útwrydskens(1), gol en ienfâldich,
Altyd deselde, hwêr me se sjucht.
We gebruiken cookies om er zeker van te zijn dat u onze website zo goed mogelijk beleeft. Als u deze website blijft gebruiken gaan we ervan uit dat u dat goed vindt. Meer informatie
Wij gebruiken cookies om ervoor te zorgen dat onze website voor de bezoeker beter werkt. Daarnaast gebruiken wij o.a. cookies voor onze webstatistieken.