
[Refrein:]
Yn it Dokkumer lokaaltsje, siet men rom it hiele ein.
En it wie der sa smûk, as men siet yn ‘e hoek.
O, wat wie dochs dat tramke soms fijn.
Yn it noarden fan Fryslân,
der ried ris in tram
mei in gong fan sa ’n tritich yn ’t oer.
Mar de tiid gong foarby
en dat tramke moast wei.
En doe rekke de bouhoek fol fjoer.
[Refrein]
In kommisje fan trije,
dy kaam oan it wurd.
Foar dy tram der moast komme in bus.
En it duorre net lang,
want it spoar wie net bang.
En no hinget in elts yn e lus.
[Refrein]
Hiel de bouhoek stiet stram,
hast yn fjoer en yn flam,
want de bus nou dy is oan ‘e rol.
En jo stean by de wei en jo kinne net mei,
want de bus, nou dy is altyd fol.
[Refrein]
Dêrom nou ta beslút,
smyt dy bus der wer út,
en jou ús dan mar leaver it spoar.
Ek al fret hy de koal ek by ’t weintsje hast fol,
en al wie men fan ’t reizgjen wat goar.
[Refrein]