
Type: | voordracht |
Ongeveer 80 jaar geleden Baptistenkerk te Zandbulten (Friesland) is dit opgezegd:
It sike berntsje lei op it bedsje
Yn it holst fan de nacht
Heit en mem yn it heidehutsje
hâlden by harren skat de wacht
Memke, memke, kreunde it famke
Ja myn skat, wat is der oan?
Kin mem my ek fan Jezus sizze
Dêr hat ús master it al ris oer hân
Berntsje nee, do moatst sa raar net
en gau wer better wurde
Do moatst boartsje bliid en frij
Memke, nee, ik moat stjerre, stjerre
Rop heit, rop heit, hjir dan by
Kin heit my neat fan Jezus sizze
Mar heit hy hie dy kostlike namme oars net
as yn in flokwurd heard
Rop de master hjir dan
En master kaam
En dy lei har hannen yn syn hannen
En droech har oer oan de Ivige Heit
yn syn Himelsk Paradys