Home / Liedjes / Opljeppen mantsje

Opljeppen mantsje

Schrijver: J. de Boer
Met dank aan P. Stellema voor het insturen van de tekst

It libben is net altyd like maklik
en as it tsjin sit binne de rapen gear
sa giet it my tenmisten en ik tink soms
sokken binne der folle mear.

As by my it waarglês op min waar stiet,
dan is hast alles mis en tige min
gjin minske doocht dan en hast nimmen
kin goed dwaan, neat is my dan nei ’t sin.

Op elkenien ha ik wat oan te merken
foaral de tillevyzje levert protten stof
de “stjerren”bin “ fier ûnder de mjitte
en sjogge tige by harselven op.

Ik soe se yhn it nekfel gripe wolle
en sjit se dwers troch ’t byld fan de TV
mar….. as it safier is besjoch ‘k mysels
en sis; dit giet net goed….o nee !!

Ik moat feroarje, net dat negative
it roer moat om. ’t Moat sa net fierder gean
is sil feroarje en ik nim my hillich foar
om better mei twa foutten op de grûn te stean.

Fansels sa no en dan sil it my net slagje
en bin ik open nij, wer lilk en goed breinroer
mar as de buoi foarby driuwt sis ik; jonge,
sa kin it net, toe goai dochs om it roer.

We gebruiken cookies om er zeker van te zijn dat u onze website zo goed mogelijk beleeft. Als u deze website blijft gebruiken gaan we ervan uit dat u dat goed vindt. Meer informatie

Wij gebruiken cookies om ervoor te zorgen dat onze website voor de bezoeker beter werkt. Daarnaast gebruiken wij o.a. cookies voor onze webstatistieken.

Sluiten